Marten Bergsma-en-dy winne yn Wytmarsum

Marten Bergsma, Renze Hiemstra, Hans Wassenaar hawwe snein it haadklassekeatsen yn Wytmarsum wûn. Yn de finale fersloegen se it partuer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniel Iseger mei 5-2 en 6-4. Van der Bos koe syn draai net fine yn de finale. Hy hie trettjin opslachmissers. Van der Bos "baalde as in stekker". Hy woe graach wat sjen litte no't er woansdei yn de earste omloop fan de PC der fuortendaliks ôf wie.
De tredde priis wie foar it partuer Menno van Zwieten. PC-kening Hans Wassenaar waard kening yn Wytmarsum.