Roeiwedstriden yn Rio útsteld fanwege min waar

07 aug 2016 - 16:05
  • De roeiers juster op de Rodrigo de Freitas-mar

De roeiwedstriden op de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro gean snein net troch. Der stiet te folle wyn. It wetter op de mar, dêr't de wedstriden binne, is te ûnrêstich en woelich. Friezinne-om-utens Alletta Jorritsma soe yn aksje komme yn de kategory 'twa sûnder stjoerfrou'. Dat giet dus no net troch.

De start fan de earste wedstriid wie snein al twa kear útsteld, mar it waar waard net better. De organisaasje hat no besluten it snein hielendal oergean te litten. De wedstriden wurde moandei ynhelle.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os op de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)