Jelmer Chardon hat dreamdebút yn eareklasse op CH yn Riis

Jelmer Chardon út Jorwert hat foar in grutte ferrassing soarge op it CH yn Riis. Mei syn Frysk hynder Eise 489 waard er Nederlânsk kampioen yn de eareklasse. En dat wylst er foar it earst op it heechste nivo meidwaan mocht. De twadde priis wie foar Jolanda Schreuder mei Chris fan Wylgster Pragt, tredde waard Age Okkema mei Thorben 466.
It spektakelnûmer 'De Mijl van Rijs' waard wûn troch Fenna Vlas út Heech. Yn in fjild fan alve dielnimmers gie sy mei har Frysk hynder Elbrich fan de Aldwar it fluchst yn de rûnte.