Striid om bêste slykslider op Skiermûntseach

07 aug 2016 - 12:38

Oan it 8e kampioenskip Slykslydzjen op it waad by Skiermûntseach dogge snein sa'n 20 dielnimmers mei. Sy besykje in trajekt op it waad sa fluch mooglik ôf te lizzen mei in slykslide, in grutte, lange platte houten bak. Eartiids waard dy brûkt troch fiskers, bygelyks om by har fûken te kommen.

It kampioenskip Slykslydzjen ûntstie yn 2009, neidat twa jier dêrfoar sa'n slide neiboud wie oan de hân fan in âld model. De dielnimmers moatte tsjinelkoar slydzje, de fluchsten geane troch nei de finales. It kampioenskip wurdt hâlden by de jachthaven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)