Nije sponsor ploech Van Velde

02 maaie 2012 - 16:34

De reedrydploech fan coach Gerard van Velde hat in nije sponsor foar takom seizoen. It is de ynternetwinkel Beslist.nl.

De ploech mei ûnder oare de Fryske sprinters Sjoerd de Vries en Jesper Hospes kaam ôfrûne seizoen út únder de namme APPM. Mar der wie eins gjin budzjet. Troch de goede prestaasjes mei ûnder oare in twadde plak op de 500 meter by de wrâldkampioenskip ôfstannen foar Michel Mulder wie der no wol genôch belangstelling fan sponsoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)