Wytmarsum wint de Ald Meierspartij yn Hitsum

07 aug 2016 - 09:58
  • Alle winners fan de Ald Meierspartij mei Wytmarsum op it heechste buordsje

De 17e edysje fan de Ald Meierspartij yn Hitsum is sneon wûn troch de famkes fan Wytmarsum. Joukje Stuiver, Selma van der Molen en Anneke Smid fersloegen yn de finale it partoer fan Rie mei Trea van der Ploeg, Joanne Elise Broeders en Ineke van der Ploeg. De tredde priis wie foar Mantgum mei Jennie Terpstra, Amarins de Groot en Marijke Keuning.

De prizen - lúkse horloazjes en de wikseltrofee 'De Sulveren Pong' - waarden útrikt troch frou Jorritsma (frou fan kommissaris fan de kening John Jorritsma) en Jillert Anema.

De Ald Meierspartij is in wedstriid foar famkes fan 14 oant en mei 16 jier. Dizze wedstriid is ien fan de wedstriden dy't jildt foar de bysûndere priis 'De 4 Wimpels'. Dy priis kin wûn wurde as in keatster fjouwer belangrike wedstriden wint. Dat binne de Ald Meierspartij, de Jong Famme Partij, it NK foar froulju en de frouljus-PC. Fenna Zeinstra, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken hawwe dizze priis oant no ta wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)