Twa swierferwûnen by ûngelok by Sânhuzen

07 aug 2016 - 08:16

Op de Bremerwei tusken Haulerwyk en it Grinzer Sânhuzen binne sneontejûn twa minsken swier ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. Troch noch ûnbekende oarsaak botsten se mei harren buske frontaal op in beam. De brânwachtkkorpsen fan Haulerwyk en Marum, twa ambulânses en de traumahelikopter kamen om de slachtoffers te befrijen en te behanneljen.

De manlike bestjoerder is mei ûnbekend letsel nei it UMCG brocht, de froulike passazjier koe nei in oere út de auto helle wurde en is mei letsel oan de skonken nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)