Epke Zonderland troch nei rekstôkfinale op OS yn Rio

Epke Zonderland op de kwalifikaasje yn Rio © ANP
Epke Zonderland hat him pleatst foar de finale op de rekstôk by de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Hy helle yn de kwalifikaasjewedstriid it tredde plak mei in skoare fan 15.366, de earste acht gean troch nei de finale. Epke turnde gjin flaterfrije oefening en hy liet ek it lêste fluchtelemint de Gaylord 2 sitte. Hy woe gjin risiko nimme en dat pakte úteinlik goed út.
Trije medaljekandidaten Bretschneider, Takana en Uchimura waarden úskeakele troch grutte flaters. De finale fan de rekstôk is op 16 augustus.
Kwalifikaasje fret enerzjy
Zonderland hat net yn turnhal wachte op de útslach, mar is weromgien nei de ateleteferbliuwen. Hy wie al aardich wis fan syn plakje yn de finale. It wie in bewust kar om mar twa fluchteleminten te turnen: "Sa'n kwalifikaasje fret enerzjy, it is eins lestiger as in finale, omdatst it risiko útslute moatst, mar toch in goede oefening delsette moatst". De tarieding fan Epke Zonderland wie net ideaal, hy hie lêst fan ferskillende blessueres. De blessuere oan syn fingers wie de reden om net mei te dwaan op de ûnderdielen flier en foltiizje.
"Dit wurdt him!"
De famylje Zonderland siet op de tribune te sjen. Heit Huite Zonderland wie nei de oefening even bang dat it net genôch wêze soe, mar broer Herre wie al wis fan pleatsing: "Dit wurdt him!". De famylje Zonderland bliuwt yn Rio oant en mei de finale oan de rekstôk.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omropapp.