VC Snits net Europa yn

© awfoto.nl
De froulju van follybalklup Snits komme takom seizoen net yn aksje yn Europa. Dat is besletten troch it bestjoer fan de klup. Europeesk follybal is foar de klup op dit stuit in te grutte finansjele opjefte. De Snitser froulju mochten yn Europeesk ferbân útkomme omdat se ôfrûne seizoen twadde fan Nederlân wurden binne.
Foar takom seizoen binne de ambysjes op 'e nij om by de earste fjouwer te einigjen. De hope is dat Europeesk follybal dêrnei wol helber wêze sil.