Klaske Nauta set ferrassende prestaasje del yn Burgum

Fierljepster Klaske Nauta sette sneon in ferrassende prestaasje del yn Burgum. Ferline jier wûn se it NK mei in sprong fan 16,31 meter, doe in nij persoanlik rekôr. Dit seizoen wie se faak blessearre. Mar yn Burgum kaam se sterk werom mei in sprong fan 16,59. Twadde waard regearjend Frysk kampioene Hiske Galama (14,43 meter) en tredde Anneke Broersma (13,42 meter).
By de manlju wûn Nard Brandsma (19,91), folge troch Thewis Hobma (19,81) en Sytse Bokma (19,27 meter). De wedstriid yn Burgum is de opmaat foar it FK yn Winsum, takom wykein.
By de junioaren gie de winst yn Burgum nei Freark Kramer (18,24 meter), twadde waard Rutger Piersma mei 17,85 meter. Dyselde ôfstân ljepte ek Jetse Bokma, in nij pr, mar omdat syn twadde ôfstân minder wie, waard hy yn de finale úteindelik tredde.
Sander Elsinga fan Sint-Jânsgea wûn foar de earste kear by de jonges (16,97 meter, pr) Sigrid Bokma pakte de titel by de famkes (14,36 meter)