Marrit Steenbergen nei finale mei estafetteploech

06 aug 2016 - 20:35
  • Marrit Steenbergen lost Inge Dekker ôf
  • Marrit Steenbergen

Marrit Steenbergen is troch nei de finale fan de 4x100 meter frije slach. De swimster út Easterwâlde pleatste har mei de etafetteploech troch krekt efter Italië as twadde te einigjen. Inge Dekker - foarhinne fan Drachten - kaam as earste yn aksje, wêrnei't Steenbergen in tiid delsette fan 53.31 sekonden. Maud van der Meer en Femke Heemskerk makken it ôf. Nederlân einige yn harren searje as twadde mei in tiid fan 3.35.90.

De tiid fan de Nederlânske estafette-ploech mei Steenbergen is úteinlik de fyfde tiid, Austraalje waard sa as ferwachte earste en die dat mei in Olympysk rekôr. Sneontenacht om 04.24 oere is finale. It is noch net wis oft Steenbergen meidwaan mei. Ranomi Kromowidjojo sil yn de finale it plak yn nimme fan ien fan de fjouwer. Opfallend wie dat Steenbergen de rapste tiid delsette. Rapper as Van der Meer (53.88) en Femke Heemskerk (54.00) en Inge Dekker (54.75). De kâns dat Steenbergen dêrtroch meidwaan mei yn de finale is wol grut. Australië is favoryt foar de winst. Nederlân makket kâns op in medalje.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os  of op de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)