Steenbergen yn searje estafette

06 aug 2016 - 16:31

De searjes foar de 4x100 meter frije slach binne sneontejûn mei Marrit Steenbergen fan Easterwâlde yn de basis. Se komt as twadde yn aksje. De searjes binne om 20.24 oere. Ald-Drachtster Inge Dekker komt ek yn aksje. De oare swimsters binne Maud van der Meer en Femke Heemskerk.

Sneontenacht is de finale. De ferwachting is wol dat Nederlân him pleatst. Dan sil Ranomi Kromowidjojo it plak ynnimme fan ien fan dizze fjouwer. Nei alle gedachten sil dat wêze foar Steenbergen of Van der Meer.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)