Oanfarring SKS: "In wûnder dat der gjin deaden fallen binne"

06 aug 2016 - 16:24

"It is in wûnder dat der gjin deaden fallen binne". Skûtsjeskipper Pieter Meeter fan Akkrum is bot skrokken fan de oanfarring op 'e Iselmar by Starum. Yn de slotfaze knalde it skûtsje fan De Jouwer sneon fol op syn skip. Akkrum hie foarrang krije moatten. By de oanfarring rekke de adviseur fan Akkrum ferwûne en beide skûtsjes rûnen in soad averij op. Snein is it in rêstdei by it skûtsjesilen. Dan kin de skea wer makke wurde.

De wedstriid waard wûn troch Langwar, Grou waard twadde en Ljouwert tredde.

De Lemmer einige as fjirde. Se leine lang op kop, mar geandedei de wedstriid sakken se ôf.

De oare klassearrings fan sneon binne: 5. Starum, 6. Snits, 7. Earnewâld, 8. De Heale Moanne, 9. Drachten, 10. It Hearrenfean, 11. Huzum, 12. Wâldsein.

Snits stiet boppe-oan yn it klassemint, folge troch Earnewâld en Akkrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)