Aardich goede skoare Epke Zonderland op kwalifikaasje yn Rio

06 aug 2016 - 16:03
  • Epke Zonderland op de kwalifikaasje yn Rio

Epke Zonderland hat in aardich goede skoare delset yn de kwalifikaasjes fan de Olympyske Spelen foar de rekstôkfinale. Hy pakte 15,366 punten. No is it ôfwachtsjen oft er de finale hellet. Sneontejûn tusken 00.30 en 01.00 oere wurdt dat bekend. Dan hawwe alle turners west.

Yn it foar wie Epke net sa wis fan syn foarm. Hy rûn hast in jier lyn in harsenskodding op. Boppedat krige er ek lêst fan syn fingers. Dêrom hie er earder fan 'e wike al besletten allinnich oan de rekstôkoefening mei te dwaan en foltiizje en brêge sitte te litten.

Epke Zonderland fynt kwalifikaasjes drege wedstriden. Soks fret enerzjy en it is eins folle dreger as in finale. "Do moatst risiko útslute, mar wol in goede oefening turnje." By de tarieding hie Zonderland lêst fan in blessuere oan de hân. Hy hat no tsien dagen om fierder te wurkjen.

UPDATE:  Konkurrint en seisfâldich wrâldkampioen Uchimura is yn de kwalifikaasjes fallen. De Japanner Tanaka sette in mindere skoare del as Epke, en dus sjocht it der goed út foar Epke. Letter sneon komme oare konurrinten as Bretschneider, Hambüchen en de Sinezen ek noch yn aksje.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog omropfryslan.nl/os of op de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)