Lintsje foar bern dy't as help de hûn útlitte

06 aug 2016 - 15:38
  • Bern kinne bygelyks mei de hûn fuort fan minsken dy't dat net kinne

Bern yn de gemeente Hearrenfean kinne tenei in lintsje krije. Se moatte dan bygelyks âldere minsken helpe mei de boadskippen, mei de hûn fan de buorlju fuort of in bist rêde. De gemeente hat it lintsje yn it libben roppen foar bern dy't harren ynsette foar oaren.

Op de webside fan de gemeente kinne bern nominearre wurde. In sjuery fan fiif leden sil de nominaasjes beoardielje. De lintsjes wurde op 20 novimber, de dei fan de rjochten fan it bern, útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)