Larsson net fit genôch foar wedstriid tsjin AZ

06 aug 2016 - 15:00
  • Sam Larsson

SC Hearrenfeanspiler Sam Larsson is net fit genôch foar de wedstriid fan snein tsjin AZ. Larsson hat de gryp. Ek Joost van Aken wie siik, mar hy hat sneon wol wer meitraind. Slagveer spilet yn de basis en Zeneli ferhuzet dêrtroch nei de linksbûtenposysje.

It middenfjild bestiet út Schaars, Namli en Van Amersfoort. It liket der yntusken op dat Kenneth Otigba nei Turkije ferhuzet. Otigba is tongersdei medysk kard troch in Turkske ploech. Nei alle gedachten giet it om Kasimpasa. De klups binne noch yn ûnderhânneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)