Ynbrekker oanhâlden mei help fan plysjehûn

06 aug 2016 - 12:18

In 30-jierrige ynwenner fan Dongeradiel en in 25-jierrige man út Haren binne freedtenacht oanhâlden yn Dwingeloo as fertochten fan in ynbraak. Om de manlju oanhâlde te kinnen hat de plysje de auto dêr't se yn sieten klemriden. De auto bedarre dêrby yn in sleat.

Ien fan de manlju waard fuortendaliks oanhâlden. De twadde naaide út, mar waard mei help fan in plysjehûn pakt. Dêrby is de fertochte biten troch de hûn. Yn de auto lei ynbrekkersark en in tas mei stellen guod. Twa fytsen dy't de manlju brûkten by de ynbraak, wiene ek stellen.

Trefwurden: 
ynbraak Dwingeloo plysjehûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)