Mear kâns op wespestek yn it noarden fan it lân

Der binne yn Fryslân mear meldings fan wespenêsten as yn oare jierren, mar it binne der wol minder as yn Grinslân en Drinte. Dêr binne soms wol 50% mear meldings. Dit docht bliken út de natuerkalinder fan de Wageningen University. Dy jout gjin ferklearring foar de ferskillen tusken de trije noadlike provinsjes.
Yn oare parten fan it lân binne der troch de swiere buien fan maaie en juny krekt folle minder meldings fan wespenêsten. Neffens de ûndersikers wurde de wespen fan no ôf aktiver en kin der mear oerlêst ûntstean.