Ald-minister Harrie Langman ferstoarn

06 aug 2016 - 08:59
  • Langman (rjochts) yn de Twadde Keamer yn 1971

De eardere VVD-minister Harrie Langman is op 1 augustus yn Drachten op 85-jierrige leeftiid ferstoarn. Langman wie minister fan ekonomyske saken yn it kabinet Biesheuvel. Hy wurke dêrfoar yn de skipsbou.

Yn it noarden waard de yn Akkrum berne Langman benammen bekend fan it Langmanakkoart, dat yn 1998 sletten waard. Troch de oerienkomst betelle Den Haach miljarden euro's oan it noarden om de ekonomyske posysje te ferbetterjen. Underdiel fan it akkoart wie ek de oanlis fan de Suderseespoarline, mar dat projekt is letter skrast.

Langman waard letter bestjoerder by de ABN en bestjoerslid by de Telderstichting, it wittenskiplik buro fan de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)