Tritichste edysje Rôggefeest grut sukses

05 aug 2016 - 22:48

De tritichste edysje fan it Rôggefeest op It Amelân wie freed wer in sukses mei in ferskaat oan strjitteater, akrobatyk en live muzyk. It evenemint luts tûzenen besikers. Nei it middeisprogramma wie de start fan de Rôggeparade en yn de jûntiid wie der noch folop romte foar muzyk. Njonken alle aktiviteiten is der ek noch 350 euro ophelle foar de Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa).

Trefwurden: 
Roggefeest It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)