Fryske Wâlden moat lekkerste fruitstreek fan Europa wurde

05 aug 2016 - 22:35
  • In apel mei nei skoalle is better as snobbersguod

De Fryske Wâlden moat de lekkerste fruitstreek fan Europa wurde. Dat is de ambysje fan Stichting de Fryske Frucht fan acht hoarekabedriuwen yn de Wâlden. De hoarekabedriuwen wolle dat der yn de streek tûzenen fruitbeammen fan âlde Fryske rassen bykomme, om dêr bysûndere streekprodukten fan te meitsjen lykas appelsop en appelwyn (sider). It projekt krijt in bydrage fan 17.000 euro fan it Iepen Mienskipsfûns om de saken profesjoneel oan te pakken.

De dielnimmende hoarekabedriuwen binne sels ek al dwaande mei eigen fruitbeammen, sadat se de risping brûke kinne yn de eigen keuken.

In beropskrêft moat der no foar soargje dat der mear minsken oan de slach geane mei de âlde Fryske fruitrassen, om sa de produksje grutter te meitsjen. Foar de dielnimmers komme der troch it jier hinne ferskate aktiviteiten lykas snoeikursussen, in rispingsfeest en in appeltaart-bakwedstriid mei fansels apels fan âlde Fryske fruitrassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)