Frachtauto rekket skansearre ûnder fiadukt

05 aug 2016 - 21:34

In lytse frachtwein is freedtejûn klem kommen te sitten ûnder in fiadukt ûnder de Wâldwei troch. Dit wie by De Pein. De bestjoerder ried op de Rydwei tusken De Pein en De Rottefalle en wie krekt wat te heech foar it fiadukt dat dêr ûnder de Wâldwei trochrint. De bestjoerder hat de frachtwein sels wer ûnder it fiadukt wei riden. In berger hat de swier skansearre auto ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)