81ste Snitswike iepene yn teater Snits

05 aug 2016 - 20:58

De 81ste Snitswike is freedtejûn offisjeel iepene. Dat waard foar it earst dien yn teater Snits. Dat wie altyd yn de tún fan it stedhûs, mar de organisaasje fûn dat in belangryk evenemint as de Snitswike in lokaasje mei mear styl fertsjinne. Dêrnjonken is de tradisjonele floatskou in oere nei foaren helle. Dêrtroch hoege de dielnimmers oan de floatskou net sa lang te wachtsjen en wurdt it ek net sa let foar de silers dy't sneon al betiid starte moatte.

De Snitswike duorret seis dagen en der sille sa'n 775 boaten oan de start ferskine. Dat oantal is konstant de lêste jierren. Woansdei is dan de bekende hurdsyldei en tongersdei wurdt de Snitwike ôfsletten mei de priisútrikking en in grut slotfeest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)