Sineeske grutmaster yn Fryslân om Tai Chi-talint te trainen

05 aug 2016 - 20:18

Grutmaster Xu Chang Wen komt út Sina nei Snits om Ramona Pietersma te trainen yn 'e Tai Chi-sport. Pietersma sil yn septimber mei twa fan har learlingen yn Sina meidwaan oan in grut ynternasjonaal toernoai. Chang Wen bringt har dizze dagen it ien en oar by. Wen komt wol faker yn Snits, om't hy mear minsken yn kontakt bringe wol mei de sport. Neffens Wen hat Ramona in soad talint. Dat docht ek bliken út Pietersma har earste toernoai, dêr waard se earste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)