Nije publyksaksjes foar Sionsberg Dokkum

05 aug 2016 - 18:55

Der komme nije publyksaksjes foar it behâld fan sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. De aksjegroep 'Red de Sionsberg' presintearre freed stickers mei de tekst 'I Love de Sionsberg' yn de hoop dat Noardeast-Friezen dy massaal op de auto's plakke sille. By dy presintaasje wie ek in fideoferbining mei soarchûndernimmer Loek Winter, ien fan de eigeners fan de Sionsberg. Hy reagearre dêryn op it beslút fan De Friesland om it kontrakt mei it sikehûs op te sizzen.

De Friesland soe de kontraktuele ôfspraken 'ôfknipe' en dat soe begûn wêze nei it fuortgean fan Diana Monissen as bestjoersfoarsitter fan De Friesland. Neffens Winter komt de soarch yn de regio noch net yn gefaar want ek pasjinten mei in fersekering by De Friesland krije de soarch yn Sionsberg gewoan fergoede. Yn septimber sille de partijen wer om tafel om fierder te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)