Skûtsje Earnewâld wint mei oermacht op De Fluezen

It skûtsje fan Earnewâld hat freedtemiddei goede saken dien op De Fluezen by Ealahuzen. Under winerige omstannichheden liet skipper Gerhard Pietersma it skûtsje fan Grou op in efterstân fan goed twa minuten. De konkurrinten slaggen der de folsleine race net yn om tichteby te kommen. Klassemintslieder Snits einige as tredde en behâldt dêrmei har kopposysje. De Heale Moanne fan skipper Berend Mink lei in skoft op it tredde plak mar einige as fjirde.
Earste oerwinning
‘It is foar ús de earste oerwinning hjir yn Ealahuzen,’ seit skipper Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld krekt nei de finish. ‘Dêr binne wy hartstikke bliid mei. Kinne we dy ek wer ôfstrepe.’ Troch dizze oerwinning stiget it skûtsje fan Earnewâld nei it twadde plak yn it klassemint.
Dat klassemint hâldt Pietersma lykwols net bot dwaande. ‘Wy sile ús eigen wedstriid, we sjogge wol wêr't wy yn Snits útkomme. Om earlik te wêzen, ik soe net iens witte wêr’t wy no stean.’
Folsleine útslach
1. Earnewâld
2. Grou
3. Snits
4. Heale Moanne
5. De Lemmer
6. De Jouwer
7. Wâldsein
8. Langwar
9. Akkrum
10. Drachten
11. Ljouwert
12. Starum
13. It Hearrenfean
14. Huzum
Der wiene twa protesten. It protest fan It Hearrenfean tsjin Huzum waard takend: Huzum krige 14 punten en falt dêrmei werom nei it fjirtjinde plak. Huzum ferlear sels har protest tsjin It Hearrenfean.