Larsson en Van Aken siik by SC Hearrenfean

05 aug 2016 - 15:41
  • Sam Larsson

Sam Larsson en Joost van Aken binne alle twa ûnwis foar de earste kompetysjewedstriid fan SC Hearrenfean. Larsson en Van Aken ha beide net meitraind, omdat se siik binne. Larsson sels al trije dagen net. It is ûnwis oft se snein yn Almaar tsjin AZ meidwaan kinne. Mitchell Te Vrede en Doke Schmidt binne der troch blessueres seker net by en nei alle gedachten hellet Morten Thorsby it ek net.

Trainer Jurgen Streppel moat dêrtroch flink puzzelje. "Ken je Van Ravensburger? Moeilijke puzzels zijn dat ja." De trainer wol fierder de opstelling net bekend meitsje, mar jout wol oan dat de kâns grut is dat de nije oanfierder Stijn Schaars sintraal achteryn spylje sil. Syn plak op it middenfjild wurdt dan oernaam troch Younes Namli.

Mooglike opstelling: Mulder, Marzo, Van Aken (Schaars), St. Juste, Bijker, Schaars (Namli), Van Amersfoort, Namli, Zeneli (Slagveer), Reza en Larsson (Zeneli).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)