De Friesland bliuwt by stânpunt Sionsberg

05 aug 2016 - 15:17

Soarchfersekerder De Friesland sil begjin septimber wer yn petear mei de partijen dy't belutsen binne by sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. Yn in brief oan aksjegroep de Sionsberg lit de soarchfersekerder witte dat se net in ein meitsje wol oan de soarch yn Noardeast Fryslân, mar dat se fêsthâlde oan de plannen foar de fernijing yn de soarch. Hjirby stiet by de behanneling de húsdokter sintraal en nét yn de tradysjonale poliklinyken yn de Sionsberg. 

De Friesland hat it kontrakt mei de Sionsberg mei yngong fan 2017 opsein omdat se fine dat der net genôch wurke wurdt oan dizze nije opset. It opsizzen fan dit kontrakt hat in soad argewaasje feroarsake. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)