Rabobank wol deltaplan foar melkfeehâlders

05 aug 2016 - 14:32
  • Melke

It is goed dat de Rabobank neitinkt oer de takomst fan de feehâlderij. Dat seit lânbou-organisaasje LTO-Noard. Needsaaklik is it lykwols no noch net. De Rabobank wol dat der in deltaplan komt foar de melkfeehâlderij. Troch de lege molkepriis komme in soad boeren yn finansjele problemen. 

Neffens de bank moat de sektor 'drastysk' feroarje. Sa moatte der produkten komme dêr't de konsumint mear foar betelje wol. 

Dat bart al, seit foarsitter Geart Kooistra fan lânbou-organisaasje LTO-Noard. Der wurdt hurd wurke om de sektor duorsumer te krijen. Dat dogge se al yn oparbeidzjen mei ûnder oare de Rabobank sels.

"Gure wyn fan de wrâldmerk"

Kooistra fynt ek dat net ferjitten wurde moat dat de boeren nei it ôfskaffen fan it molkekwotum wurkje op in wrâldwide merk. Dat betsjut dat je goede en ek mindere jierren ha. De Rabobank sels kaam koartlyn noch mei de ferwachting dat de molkepriis ein dit jier, begjin takom jier, wer omheech giet. "No", sa seit Kooistra, "ha de boeren bot lêst fan de gure wyn fan de wrâldmerk".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)