Teater De Vier Pelikanen takom jier noch iepen

It Ljouwerter teater De Vier Pelikanen is ek takom jier noch iepen. Dat hat inisjatyfnimmer Jan-Dirk van Ravesteijn ôfpraat mei de eigener fan it gebou. Dy wol it monumintale pân oan de Tweebaksmarkt ferkeapje en dêrom like it derop dat it teater ticht moast.
Der is no ôfpraat dat it teater yn elts gefal noch in jier troch kin. Van Ravesteijn hopet ek dêrnei noch mei it teater fierder te kinnen. Dat hat plak foar 33 taskôgers.