"Alternative lokaasje foar steancaravans Ballum"

Der binne wol deeglik geskikte alternative lokaasjes op It Amelân foar de steancaravans dy't by Boomhiemke en Ambousen ferdwine moatte. Dat seit Sieds Tuinenga fan fakânsjebuorkerij "De Lange Dunen" by Ballum. Hy reagearret dêrmei op in ûndersyk dat yn opdracht fan de gemeente útfierd is. Ut it ûndersyk docht bliken dat der foar de goed 100 steancaravans dy't per 1 jannewaris fuort moatte, gjin alternatyf is op it eilân.
De Tuinenga's ha in útwurke plan om by Ballum op eigen grûn in eko-camping yn te rjochtsjen dêr't genôch plak is.
Plan ôfwiisd
De gemeente hat lykwols oant no ta alle oanfragen foar in wiziging fan it bestimmingsplan ôfwiisd. De ûndernimmers oerwaagje noch om dêrtsjin berop oan te tekenjen by de bestjoersrjochter.