Seehûnejong sneon werom de Waadsee yn

05 aug 2016 - 12:27

In seehûnejong, dat yn maaie fûn waard op it Waad by It Amelân, wurdt sneon wer frijlitten. De pup waard sûnder mem fûn en wie dêrmei de earste 'gûler' fan it seizoen. It bist waard oerbrocht nei it seehûnesintrum yn Pieterburen. Syn fersoarging dêr wie fia Facebook te folgjen en ek de frijlitting sil dêrop te sjen wêze.

De seehûn wurdt frijlitten op in sânplaat midden yn de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)