Mearkamp Céline van Gerner yn gefaar troch blessuere

05 aug 2016 - 12:08
  • Céline van Gerner

De mearkamp fan turnster Céline van Gerner by de Olympyske Spelen komt mooglik yn gefaar troch in blessuere. De Emmeloordse, dy't al jierren op It Hearrenfean traint en wennet, hat opnij lêst fan in achillesblessuere. Troch de blessuere kin se mooglik kommende snein net yn aksje komme by de kwalifikaasjes fan de mearkamp. Earder dit jier hie Van Gerner ek al lêst fan de blessuere. "Het is vorige week behoorlijk verslechterd. Ik kon niet meer afzetten, zelfs amper lopen", sa seit de nûmer tolve op de mearkamp fan de Olympyske Spelen fan 2012.

Gjin risiko's

Van Gerner die tongersdei by de earste poadiumtraining yn de Olympic Arena yn Rio in oantal foarsichtige oefeningen en mijde risiko's sa folle mooglik. "We hebben harde belasting vermeden", sa seit se. "Op brug ben ik goed inzetbaar. Ik denk ook dat het herstelproces is ingezet. Het is balen, heel dubbel ook. Ik ben verder topfit."

Sanne Wevers

Sanne Wevers, dy't ek op It Hearrenfean traint en wennet, hat wol in goed gefoel oerholden oan de poadiumtraining yn Rio. De turnster, dy't ferline jier op de WK ferrassend sulver wûn op balke, wie foaral tefreden oer har oefening op brêge en balke. Oan in mooglike finale en kâns op Olympysk earemetaal woe Wevers noch net tinke. "Eerst volgt stap één, zondag de kwalificaties. Als ik daarna terug mag komen voor de finale is alles mogelijk", sa seit Wevers.

Céline van Gerner, Sanne en Lieke Wevers komme 7 augustus yn aksje. In eventuele teamfinale is 9 augustus, de mearkampfinale is 11 augustus. De tastelfinales binne 14 (sprong en brêge), 15 (balke) en 16 (flier) augustus. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)