Friezen binne riker as Grinslanners

05 aug 2016 - 10:59

Friezen binne riker as Grinslanners. Dat docht bliken út ûndersyk troch de ING-bank. It finansjeel fermogen fan Fryske húshâldens is mei gemiddeld 10.000 euro gelyk oan it Nederlânske gemiddelde, wylst in mearderheid fan de Grinslanners in gemiddeld fermogen fan minder as 5.000 euro hat.

Dat Fryske húshâldens goed skoare hat te krijen mei it besit fan in eigen hûs. Twatredde fan de Fryske húshâldens hat in eigen hûs en dat is op Seelân en Drinte nei it heechste fan Nederlân. Boppedat steane fan de Fryske wenten net in soad ûnder wetter.

It Amelân heech, Ljouwert leech

It Amelân hat mei 138.000 euro it heechste gemiddelde fermogen, Ljouwert mei 4.700 euro it leechste. Wol is dúdlik dat sûnt de krisis yn 2008 begûn, 60 prosint fan it fermogen fan húshâldens ferdwûn is. Dat is gelyk oan it lanlike gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)