Wurk oan N381 kin trochgean

It tariedend wurk foar de nije N381 by Donkerbroek hoecht net stillein te wurden. Dat hat de Rie fan Steat bepaald. Tsjinstanners fan de nije dyk woene dat ophâlden waard mei it wurk oant de rjochter útspraak dien hie yn in boaiemproseduere. Dy giet oer de oanlis sels fan de dyk tusken Drachten en de Drintske grins.
Neffens de Steatsrie hoecht it tariedend wurk net stillein te wurden. It giet om wurk dat ek noch weromdraaid wurde kin. De tsjinstanners tinke dêr oars oer.