MS Mode freget útstel fan betelling oan

© Omrop Fryslân
Winkelketen MS Mode hat útstel fan betelling oanfrege. De keten hat 130 winkels yn Nederlân, wêrûnder fjouwer yn Fryslân. It giet dan om fêstigings yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten. Yn hiel Nederlân wurkje der hast 700 minsken by MS Mode. De winkels bliuwe foarearst wol iepen, ek fia de webside kin gewoan besteld wurde.
It útstel fan betelling is oanfrege omdat de sêfte winter der foar soarge hat dat der amper klean ferkocht waarden. MS Mode hie gjin buffer mear om dat op te fangen.
Njonken de Nederlânske fêstigings hat MS Mode ek winkels yn oare Europeeske lannen.