Oerol is it meast ûnderskiedende kultuerfestival

05 aug 2016 - 10:07
  • Oerol 2016

Oerol op Skylge is it meast ûnderskiedende kultuerfestival yn Nederlân. Fan de sporteveneminten is it NK reedriden it meast populêr. Dat docht bliken út it Evenementen Merkenonderzoek 2016.

Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat SAIL Amsterdam it meast populêre evenemint yn Nederlân is, folge troch PinkPop en de Huishoudbeurs. Neffens de ûndersikers kin de Vakantiebeurs him opmeitsje foar in grutte groei fan it oantal besikers. Oan it ûndersyk diene 1.600 minsken mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)