Kollum: "Bytsje ferstân"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.
"Ik herinnerje my de geur fan ferskraald bier yn de broeierige tinte. Dat de sinne moarns op de tinte stie en je yn klam swit wekker waarden. In bytsje ferwyldere. Drûge mûle. Fizich. Earst mar ris mei in wc-rôle ûnder de earm nei in waskhok slinterje.
Mar noch sterker wie de geur fan de katers. Katers fan dejingen dy't tefolle oan de hijs west wienen. It kaam út poarjes en út noazen en mûlen. It wie de skuld fan de bierkratmuorren. De meur kaam net út de mûlen fan de famkes trouwens. Wol út ien fan de ferdwaalde jonges, dy't sûnder tekken en luchtbêd by ús yn de tinte lei. Op syn rêch, mei wat fliber út de mûle. Je wurde der net oantrekliker fan as je in protte sûpe. Jonges dronken folle mear as famkes.
Ik ha it oer camping Terpstra op Skylge. Ik tink dat ik in jier as sechstjin wie. Ik en in hiele groep famkes út it doarp kamen dêr om in wike lang wat foar de tinte te sitten. It gefoel fan frijheid. Op stap gean by kafee Wyb. En in kear nei Hessel fansels. Alles op de fyts dwaan. Goed útsjen foar de taksys nachts want die stiene bekend om it hurde jeien op de Hoofdweg. Je hienen ek noch de Appelhof. Dêr gong it neffens ûnbetroubere boarnen need om wei. Seks, drugs en rock & roll. En de boel slope.
Dat foel op camping Terpstra wol ta. Dêr wie wat tafersjoch: bewaking mei in enoarme bûslampe. Nei tolve oere moast it stil wêze leau ik.
Ik wit it net mear presys, ha net sa'n goed geheugen. En dat komt net troch tefolle alkohol as bern, wêrtroch de harsens ferskrompelje. Bier hoegde ik net en in protte miksdrankjes koe ik net echt betelje mei it jild dat ik fertsjinne mei it rûnbringen fan de Drachtster Courant. Mar der wienen genôch bern dy't eltse dei oan de bierflessen hijsten as hong it libben der fan ôf.
Dat einleaze gesûp sûnder te priuwen. Ik ha it nea hielendal snapt. Dat dogge je neffens my net omdat it lekker is mar omdat it saneamd sa heard. Mar wa hat dat betocht? Dat it sa heard? Earne is it ea begûn. Meirinners hâlde it yn stân. Mar as je freon yn de sleat springt, springe je der dochs ek net efter oan?
It domme gesûp is net ûnskuldich. It hat yn elts gefal al wittefaak laat ta komasûpen. Heiten en memmen dy't har soan of dochter nachts op de intensive care besykje moatte. Ien kear komasûpe kin it IQ al mei 10 punten sakje litte, en dan binne der noch tal fan beskeadigingen oan lever en mage. Wisten jo wol dat harsens oant 24 jier trochgroeie moatte?
Nederlânske jongereincampings sa as Terpstra dêr't ik hinne gong, sitte yn swier waar, lies ik dizze wike. Net allinnich omdat bern leaver nei de Spaanske costa geane mar ek omdat se dêr minder lêst ha fan de alkohol-leeftiidsgrins fan 18 jier. Sûnt dizze leeftiidsgrins is it misbrûk wol ôfnaam mar dochs is noch 11 prosint fan jongerein ûnder de 17 jier in swiere drinker.
Ik lies yn de krante dat in protte âlden it der gewoan by hearren fine dat har bern fan fyftjin in muorre fan bier fuortsûpt. Sterker noch, yn in reportaazje lêsde ik dat in pear âlden sels sa tûk wienen om fjouwer kratsjes bier en mar leafst 24 heale liter blikken bier te keapjen foar op de camping. Eefkes foar de dúdlikheid: de soannen wienen 15 jier. Bytsje ferstân net? No, wuif mar mei jo hantsje nei dat ferstân.
It binne seker heiten en memmen fan in generaasje dy't al aardich wat brein fuortsûpt ha."