Fryske reüny foar histoaryske skippen

04 aug 2016 - 21:07
  • Maarten Vermeulen en Henk van der Meulen

Snits leit op dit stuit fol mei tradisjonele houten skippen. Foar de fjirtichste kear is dêr de Regionale Fryske Reüny úteinset. De measte skippen dy't op de reüny ôfkomme, binne mear as hûndert jier âld. Eigeners en bemanningsleden fan de skippen reizgje nei Snits ta om ferhalen mei-inoar te dielen en mei-inoar te learen. Freedtemoarn sille de dielnimmende skippen nei Heech ta om dêr de rest fan it wykein troch te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)