Noch in Fryske Olympiër nei Rio: Zirocco Blue

04 aug 2016 - 18:38
  • Zirocco Blue

It hynder VDL Zirocco Blue N.O.P (Nederlands Olympiade Paard) is it fyfde hynder fan de famylje Van de Lageweg út Bears dat nei de Olympyske Spelen giet. Yn Rio de Janeiro sil Zirocco Blue yn aksje komme mei ruter Jur Vrieling. Wiepke van de Lageweg en soan Wybe Yde fleane takom wike nei Rio om it hynder yn aksje te sjen. De oare fjouwer hynders fan de famylje Van de Lageweg dy't meidien hawwe oan de Olympyske Spelen wiene dêr ek suksesfol.

Sa wie der yn 1996 mei it hynder Jus de Pomme goud foar it team en yndividueel mei de Dútske ruter Ullrich Kirchhoff. Yn 2004 wie der yn Athene sulver foar it hynder Cardento en yn Londen yn 2012 wûn Vrieling mei it team sulver mei Babula út de stâl Lageweg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)