Cambuur klear foar VVV Venlo

SC Cambuur iepenet freedtejûn de kompetysje yn de Jupiler League mei in útwedstriid tsjin VVV Venlo. In swiere iepening, want lykas Cambuur spilet Venlo ek foar de topposysje yn de earste difyzje. VVV waard ferline jier twadde achter kampioen Sparta.
De Cambuur-seleksje is hast folslein. Allinnich Jordy van Delen ûntbrekt. Hy hat lêst fan in ankelblessuere. Trainer Rob Maas woe gjin opstelling jaan. Hy woe wol kwyt dat Michiel Hemmen yn de spits spilet. Dat giet ten koste fan Martijn Barto.
Mooglike opstelling Cambuur: Nienhuis, Anderson, N'Toko, Steenvoorden, Peersman, Monteiro, Bakker, Van der Streek, Gyasi, Hemmen en Gouriye.