Gjin nije romte foar Amelanner steankaravans

04 aug 2016 - 17:32
  • Steancaravan op It Amelân

De gemeente It Amelân sjocht gjin mooglikheden om op koarte termyn mei romte te kommen foar hûndert steankaravans. Boargemaster en wethâlders hawwe in ûndersyk útfiere litten, neidat twa kempings by Hollum plakken foar steankaravans skrast hawwe. Ut it ûndersyk docht bliken dat besteande kempings om ferskate redenen net útwreide wurde kinne. Fjouwer nije lokaasjes binne neffens it ûndersyk ek net geskikt. De eigeners moatte op 1 jannewaris harren plak ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)