Súd-Koreaanske shorttrackers nei Fryslân foar training

04 aug 2016 - 17:27

De Súd-Koreaanske shorttrackseleksje is takom wike op besite yn Ljouwert. Dat yn it ramt fan in mienskiplik trainingskamp mei de Nederlânske shorttrackers. Se traine yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. It mienskiplike trainingskamp is in resultaat fan in gearwurkingsoerienkomst tusken it Súd-Koreaanske reedridersbûn en de Nederlânske KNSB. Doel fan de útwikseling is om kennis oer shorttrack oer te dragen. De KNSB is yn 2014 de gearwurking oangien mei de Súd-Koreanen op it mêd fan ûnder oare topsport en wittenskip.

Trefwurden: 
Súd-Koreä shorttrack
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)