'Dronkenfoto' as warskôging

02 maaie 2012 - 14:04
  • Dronken

In spesjaal fototeam wiist jongeren op it Befrijdingsfestival no sneon yn Ljouwert op de gefaren fan te folle alkohol. De jongeren wurde op de foto set mei in spesjale lins. It liket krekt as hawwe se tefolle dronken. It team praat ek mei de jongerein, bygelyks oer de tunnelfyzje dy't ûntstiet as minsken te folle drank op hawwe.

It fototeam is ûnderdiel fan de Stichting Team Alert. Dat is in ferkearsfeiligensorganisaasje foar en troch jongerein. De gemeente hat it team opdracht jûn yn Ljouwert aksje te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)