Brânwacht yn aksje foar panne op it fjoer
De brânwacht fan Ljouwert hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn aksje west foar in wenningbrân oan de Robinsonstrjitte. De wenning stie fol reek. Yn it hûs waard de 49-jierrige bewenner oantroffen. De man lei op de bank te sliepen en koe mei wat twang út syn hûs helle wurde. De oarsaak fan de brân wie in panne dy't op it fjoer stie.