Feanster dealer mooglik moannenlang de sel yn

04 aug 2016 - 16:23

Yn de rjochtbank fan Grins is tongersdei fyftjin moanne sel easke tsjin in 24-jierrige drugsdealer fan It Hearrenfean, wêrfan fiif moanne ûnder betingst. De man soe drugs yn syn besit hân hawwe, en dêrmei hannelje wolle. De aktiviteiten fan de Feanster kamen oan it ljocht neidat in drugsbrûker syn namme neamd hie yn in ferhaal oer de drugswrâld op It Hearrenfean, yn Drachten en yn Grins. De fertochte is yn febrewaris oanhâlden. De offisier fan justysje wol dat de fertochte him meldt by de reklassearring. De útspraak is oer twa wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)