Grou pakt de winst op de fiifde dei fan it SKS skûtsjesilen

Grou hat tongersdei nei in spannende striid de winst pakt by it SKS skûtsjesilen. Op it wetter by Langwar kaam skipper Douwe Visser as earste oer de finish, folge troch de skûtsjes fan Akkrum en It Hearrenfean. Grou en Akkrum hawwe de hiele middei in fûle striid hân yn de hurde wyn. Yn it lêst fan de wedstriid melde ek Hearrenfean har by de kop, mar úteinlik wie it dus Grou dy't oan it langste ein luts. Grou is hjirmei de fjirde nije winner yn fiif dagen silen. Op de oare dagen gie de winst nei Earnewâld, Drachten, en twa kear nei Snits.
"Hjir wiene wy wol oan ta"
"Wy wiene moai fuort út de start, mar hiene gjin momint rust. In skitterende wedstriid." sa sei Visser fuort nei de finish. It team fan Visser is benammen tige bliid mei de punten, nei in oantal kear dat de saken krekt net goed foelen "Hjir wiene wy wol oan ta," seit Visser.
Protest
Troch in protest fan De Heale Moanne, moast de útslach úteinlik oanpast wurde. Hearrenfean, dy't as tredde oer de finish kaam krige it protest oan de broek, en moast úteinlik 14 strafpunten meinimme. Troch it protest klimt Snits nei it tredde plak yn de deistân.
Folsleine útslach
1. Grou 
2. Akkrum 
3. Snits
4. De Lemmer
5. Earnewâld
6. Ljouwert
7. Heale Moanne
8. Húzum
9. Wâldsein
10. Súdwesthoeke
11. Langwar
12. De Jouwer
13. Drachten
14. Hearrenfean
Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.