Frou (88) slachtoffer fan slim sededelikt

04 aug 2016 - 12:54

De frou dy't woansdei yn in senioareflat oan it Europaplein yn Ljouwert mishannele is, is it slachtoffer fan in slim sededelikt. Dat meldt de plysje. Justerjûn let hat de plysje dêr in Ljouwerter fan 39 jier âld foar oanhâlden.

De 88-jierrige frou is juster fuortendaliks mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs, mar dat hat se yntusken wer ferlitten kinnen. De fertochte koe mei help fan in burgernetaksje arrestearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)