Gerald van den Belt hâldt op by FC Twente

Gerald van den Belt fan Cambuur © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Gerald van den Belt giet fuort by FC Twente. Dat hawwe hy en de fuotbalklup tongersdei bekend makke. Van den Belt giet per ien oktober fuort. Hy hie syn funksje as finansjeel direkteur earder al dellein en wie noch adviseur fan de klup.
Gerald van den Belt wie fan 2009 oant 2015 algemien direkteur by SC Cambuur. Hy hat oanjûn dat er in nije stap sette wol, it leafst yn it betelle fuotbal.