Fragen oer Kulturele Haadstêd

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de VVD wol opheldering oer de subsydzjes dy't de stifting Kulturele Haadstêd 2018 (KH 2018) ferjout. De partij hat dêr ein oktober ek al fragen oer steld. Doe seine deputearre steaten dat der gjin sprake wie fan subsydzjes en dat de fragen fan de VVD net fan tapassing wiene.
Yntusken hat út de jierrekken fan de stifting bliken dien dat der wol subsydzjes jûn binne. De VVD wol no krekt witte hoe't it sit. De steatefraksje fynt dat it folslein dúdlik wêze moat wêr't publyksjild oan útjûn wurdt.